Slangen ûnder it bêd

Slangen ûnder it bêd

Talsma, Hilda
Fictie 15+
9789089549624
Product is: Leverbaar
Voorraad Winkel: Nee
Levertijd: 2-6 werkdagen.


€ 19,50

 
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.Hilda Talsma hat namme makke mei har flotte, meinimmende romans De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy), Brekber en har skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman, skreaun nei in idee fan Henk de Vries.
No reviews

16 andere producten in dezelfde categorie:

Product added to wishlist
Product added to compare.

Deze website maakt gebruik van cookies

Wij maken op onze website gebruik van cookies.

Door op ‘Accepteren’ te klikken, ga je akkoord met het gebruik van alle cookies zoals omschreven in onze cookieverklaring.